Bregt wint yn Achlum

Bregt Arendz woe net mear KNKB keatse. Wol hie hja tasein mei te dwaan oan de ôfdielings wedstriden. Der wiene we bliid mei, mar no blykt dat Bregt har betocht hat en dat is mar goed ek want Bregt hat talint. En it is sonde dat dit talint alinne mar ledekeatst. In pear wike lyn die Bregt ek mei oan de federaasje ôfdielingswedstriid yn Mantgum en wûn mei har maten de 2e priis. Soe hja dêr de smaak wer te pakken krigen hawwe? Bregt joech har op foar de t.i.l. wedstriid pupillefamkes yn Achlum De lottingsploech fan de KNKB koe har noch wol, hja setten har fuort wer as earste maat. En dat wie terjochte, Bregt wie op dreef en wint út in list fan 14 pertoeren mei maat Boukje-Ellen Bosma út Makkum de earste priis troch yn de finale te winnen fan Brechtsje Jorritsma Poppenwier en Marijke Keuning Britswert.

Mar der wie noch mear sukses sneon, yn Wiuwert wint Inas Dijkstra by it federaasje keatsen de twadde priis yn de welpen kategorij. Ek Marten de Jong kaam mei in beker thús, hy wûn yn Wiuwert de twadde priis yn de ôffalronde by de welpen. We kinne hast eltse wike melde dat Jennie Terpstra in priis wûn hat. Ek sneon wie it wer rekke, no in twadde priis mei Pytrik Zijlstra Folsgeare. De 1e priis wie foar Andrea Kroes Gau en Ineke van der Ploeg Ried. Lid om útens, Afke Kuipers wûn de earste priis mei Renske Terwisscha van Scheltinga en Fenna Zeinstra yn Damwâld by de haadklasse Baukje Aalbers wûn snein mei Iris van der Veen en Manon Scheepstra de 3e priis by de frije formaasje frouljus haadklasse yn Wytmarsum Snein waard der mei prachtich waar ûnder oare ek yn Wergea keatst. Dêr wiene 20 pertoeren welpen. Ignas Dijkstra hat dêr mei syn maat Theo Dijkstra út Leons fiif partyen keatst. Hij siet yn de lêste twa wykeinen fjouwer kear yn de finale, hjoed waar it in twadde priis, it kin net op!

Geplaatst op 27 June 2011